Jan van Friesland ferlit Omrop

30 aug 2012 - 14:59

Haadredakteur Jan van Friesland nimt op 1 novimber ôfskied fan Omrop Fryslân. Van Friesland begûn twa jier lyn by de omrop, neidat er sjef binnenlân nijs by de NOS west hie. Dêrfoar hie er ek liedingjaande funksjes by oare lanlike omroppen. Van Friesland nimt ôfskied omdat er syn ambysjes net wier meitsje kin by de omrop. Hy yntrodusearre dêr ûnder oare de ynternetstjoerder omroplive en wie de betinker fan de mienskiplike ferkiezingswebside fan de twa Fryske deiblêden en de omrop.

Omrop-direkteur Jan Koster neamt it spitich dat Van Friesland fuort giet fanwege dy syn ynspirearjende kreativiteit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)