Wurk oan natuer Alvestêderûte

13 des 2011 - 17:28

Steatsboskbehear is yn ferskate natuergebieten by de noardlike Alvestêderûte dwaande mei wurk oan de natuer. Ut it Waadfûns is dêr jild foar frijkaam. Sa wurde by it Wiersylster Rak en by de Wyldemar wettergongen ferbettere, wurde fisktreppen oanlein en briedplakken foar Waadfûgels beskerme.

Steatsboskbehear ferwachtet dat troch de maatregels it libbensgebiet fan fisk en greidefûgels better wurdt.

Trefwurden: 
Alvestêderûte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)