Cambuur wer rommer yn spilers

30 aug 2012 - 12:44

Cambuur sit wer rommer yn de fitte spilers. Tim Bakens en Mohammed El Makrini binne wer fit. Sy sille freed yn de útwedstriid tsjin Go Ahead Eagles yn de basis begjinne. Dat betsjut dat Leon Broekhof en Frits Dantuma op de bank begjinne. Nije oanwinst Adnane Tighadouini begjint ek op de bank. De hierling fan Vitesse is fit, mar de technyske stêf fan Cambuur wol him earst efkes wenne litte. Martijn van der Laan, Erik Bakker en Vincent Weijl trainden wol mei de groep mei, mar binne noch net folslein wedstriid fit.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)