Norbruis útskeakele yn Londen

30 aug 2012 - 12:25

Hurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp hat tongersdei op de Paralympyske Spelen de finale net helle. Se kaam op de yndividuele achterfolging net fierder as de kwalifikaasjes. Se helle in 5e plak. De Sinese Zheng Sini sette de rapste tiid del. Norbruis wie gadingmakker nei in medalje, omdat se earder dit jier twadde waard op de 3 kilometer achterfolging op it WK yn Los Angeles.

Sneon komt Norbruis noch yn aksje op de 500 meter baansprint en letter docht se noch mei oan de tiidrit en de wedstryd op de dyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)