Blau-alch yn swimwetter

30 aug 2012 - 11:46

It swimwetter fan de Lytse Wielen by Ljouwert is net feilich omdat der blau-alch yn it wetter sit. Dêr warskôget de provinsje foar. Earder dizze moanne wie dat ek al it gefal. Ek foar de Burgumermar by Sumar en Eastermar en it Smeliester Sân by Smelle Ie jilde warskôgings. Dêr binne te hege konsintraasje baktearjes yn it wetter metten.

It swimwetter fan it Nannewiid en fan de Sleattemermar by Balk is wer skjin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)