Mear aksje Ryk by ramp op Waad

It Ryk moat mear dwaan om rampen op it Waad foar te kommen. Dat stiet yn in boekje dat opsteld is troch ûnder oaren de Waadferiening, Rykswettersteat en Groningen Seaports. Steatssekretaris Joop Atsma krijt it freed oerlange. It Waad is in hiel kwetsber gebiet, dêrom is it fan grut belang dat by in ramp gau hannele wurdt.
Ien wikseling fan it tij kin al grutte skea oanrjochtsje. By leech wetter kin oalje bygelyks op de kwetsbere sânplaten bedarje wêrtroch't it libben op en yn de grûn dea giet.
As it wer heech wetter wurdt komt der in nije slyklaach oer en dat makket it dreech om it te ferwiderjen.