Man mishannelet syn frou
In 26-jierrige Frjentsjerter is woansdeitejûn oppakt omdat er syn frou mishannele hat. Neidat in echtlike rûzje út de hân rûn wie, flechte de 25-jierrige frou it hûs út en warskôge de plysje. De man is yn syn wenning oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo.