Plysje pakt Mongoalske dieven

Ynbraak © ANP XTRA
De plysje hat woansdei yn Drachten by tafal trije parfumdieven oanhâlde kind. Op de Middelwyk fregen plysjeminsken de bestjoerder fan in auto om syn rydbewiis. Dat koe er net sjen litte. De bestjoerder en de beide froulju by him yn de auto koene har net identifisearje. Alle trije binne se ynwenners fan Zaandam mei de Mongoalske nasjonaliteit.
Yn de kofferbak seach in plysjeman in grutte partij parfum, navigaasjesystemen en preparearre tassen foar winkelstellerij lizzen.