Dieven stelle tongerlieders

30 aug 2012 - 10:25

Fan it dak fan in soarchsintrum oan de Warren yn Drachten binne woansdeitenacht de tongerlieders stellen. It giet om 150 meter kopertried fan 7 milimeter dik. Meiwurkers hearden geheister op it dak en warskôgen de plysje. Doe't dy oankaam wiene de dieven al fuort. Yn de haast ha se net al it kopertried meinaam, op it dak lei noch in ein kopertried klear dat al loshelle wie.

Trefwurden: 
Drachten koperdieven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)