Frou gizele troch eks-man

© Omrop Fryslân
In 49-jierrige frou is woansdei inkele oeren troch har eks-man gizele. Kunde hie de plysje warskôge dat se fermist waard. De plysje die in burgernetoprop om har op it spoar te kommen. Se wie troch har eksman - in 42-jierrige man út Tsjummearum - meinaam yn de auto. De plysje hat yn de omjouwing fan Driezum de Tsjummearumer oanhalden. De frou wie doe al frijlitten.