Talant hat polityk kwartetspul

29 aug 2012 - 21:04
  • Harkje nei ús reportaazje

It iepen learsintrum fan Talant hat in pakket makke dêr't it kliïnten leart hoe't dy stimme moatte. Yn it pakket sit ynformaasje oer de politike partijen dy't meidogge oan de ferkiezings en oer harren stânpunten.

Dat wurdt dien mei in krante, fia intranet en mei in kwartetspul. Dat moat it foar de kliïnten makliker meitsje om daliks te kiezen.

(advertinsje)