CDA: mobile ferpleechkundigen

29 aug 2012 - 17:12

CDA-listlûker Van Haersma Buma wol dat der doktersposten mei mobile ferpleechkundigen yn Fryslân komme. Dy ferpleechkundigen moatte maklik nei it plattelân ta kinne. Neffens Van Haersma Buma slute doktersposten op it plattelân faker de doarren en komme der gjin nije foar yn it plak. Minsken moatte dêrom langer reizgje om by de dokter te kommen. Mobile ferpleechkundigen moatte dat probleem oplosse. Hy seit dat yn it blêd Binnenlands Bestuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)