Wurkstraf foar sjitpinne

13 des 2011 - 17:05

In 43-jierrige Drachtster dy't mei in saneamde sjitpinne begjin dit jier in plakgenoat troch de foet skeat, hat in wurkstraf fan 60 oeren krige. Dat hat de rjochtbank tiisdei bepaald. De straf is konform de eask fan de offisier fan justysje.

It foarfal wie yn in kafee oan de Noardkade yn Drachten. De man liet it wapen sjen en doe gie it ôf.

Trefwurden: 
rjochtsaak wurkstraf
(advertinsje)