Limburgers leare fan Fryslân

29 aug 2012 - 16:43

In delegaasje Limburchske bestjoerders, amtners en ûndernimmers hat woansdei op besite west by it Fryske Marreprojekt. De Limburgers wolle ideeën opdwaan foar har Maasplassen. Dat gebiet yn Midden-Limburch moat útgroeie ta in top-wettersportlokaasje.

De Maasplassen binne it grutste wettersportgebiet fan Nederlân, mar net bot bekend by it publyk. De Limburgers tinke in soad leare te kinnen fan de Fryske oanpak.

Mei it Fryske Marreprojekt wurdt sûnt 2001 wurke oan it ferbetterjen fan farrûtes en oanlisplakken en it oantrekliker meitsjen fan de belangrykste wettersportplakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)