Twa middenfjilders nei It Fean

29 aug 2012 - 15:31

Hearrenfean hat woansdei twa nije middenfjilders presintearre. Lukas Marecek wurdt hierd fan Anderlecht. De Tsjech Marecek is 22 jier en kaam by Anderlecht net in soad oan spyljen ta. Hy is in kontrolearjende middenfjilder en Hearrenfean hat in opsje ta keap.

Ek Youssef Fennich is woansdei presintearre. De 19-jierrige Fennich spile benammen by de A's fan Ajax en sil earst foaral foar Jong Hearrenfean spylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)