Ekonomyske fisy Smellingerlân

De gemeente Smellingerlân sil tenei mear ynsette op ynnovaasje, ûnderwiis, berikberens en imago. Bedriuwslibben, ûnderwiis en oerheid moatte meielkoar oplûke yn in nij netwurk. Dat stiet yn de ekonomyske fisy fan it kolleezje.
De gemeente hat dit jier praat mei it bedriuwslibben en oare partners. De útkomsten fan dy petearen binne ferwurke yn de fisy. Dy jout in byld fan de ekonomyske ûntwikkelings oant en mei 2020. De gemeenteried praat letter oer de fisy.