Parkeargaraazje neffens regels

Justysje © Omrop Fryslân
De Steatsried hat útsprutsen dat de parkeargaraazje oan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert oan de regels foldocht. Der wie beswier makke om't it gebou te dicht op de dyk stean soe, ek soe it tefolle skaad feroarsaakje. Ek wiene de beswiermakkers benaud foar ferkears- en stankoerlêst. De Steatsried hat alle beswieren ûnbegrûne ferklearre.
De parkeargaraazje stiet foar it WTC-Expo yn Ljouwert oer.