Jan Brander twadde op WK

29 aug 2012 - 14:29

Jan Brander fan Oerterp is op it wrâldkampioenskip tiidriden foar masters yn it Eastenrykse Sankt Johann twadde wurden. De tiidrit oer 20 kilometer waard wûn troch de Lubomir Novak. De Tsjech wie njoggen sekonden rapper as de 65-jierrige Brander. It brûns wie foar de Frânsman José Del Castillo. Rein Oppewal fan Snits waard yn deselde klasse fjirde. Larissa Dysdale fan It Hearrenfean waard by de froulju 40+ ek fjirde.

(advertinsje)