Aquamar De Lemmer fallyt

Fallisemint © Omrop Fryslân
Jachtbetimmering en houtkonstruksjebedriuw Aquamar op 'e Lemmer is woansdei troch de rjochtbank yn Ljouwert fallyt ferklearre. By it bedriuw wurkje alve minsken en dy krije dien. It bedriuw is yn de problemen kaam om't de konkurrinsje yn de sektor grut is en der mar lytse marzjes sitte op opdrachten.
Se ha gjin opdrachten mear en om't se gjin fet op de bonken hawwe, ha se sels har fallisemint oanfrege.