Holwerda De Jouwer fallyt

Holwerda
Transportbedriuw Holwerda op De Jouwer is fallyt ferklearre. It giet om meardere BV's, foar it transport, de distribúsje, mar ek de koerierstsjinsten. 37 minsken ferlieze har baan. Berjochten oer de minne finansjele tastân by it bedriuw wiene der al langer. It bedriuw hat by de kurator oanjûn dat dy problemen ûntstien binne troch fraude fan de boekhâlder en in pay-rollbedriuw.
Neffens de kurator lykwols binne de skulden - fan 1,8 miljoen euro - sa heech dat dat net allinnich troch fraude feroarsake wêze kinne.
In belangrike opdrachtjouwer - distribúsjebedriuw DPD út Dútslân - hat oanjûn wol wat te sjen yn in trochstart. De kurator sil dêr de kommende dagen oer fierder prate.