Plan foar evangelyske skoalle

Drachten
Yn Drachten binne plannen foar it opsetten fan in evangelyske skoalle. Ut in helberheidsûndersyk docht bliken dat it mooglik is om yn Drachten dit type skoalle op te setten. De wurkgroep Evangelysk basisûnderwiis Drachten organisearret ynkoarten in byienkomst foar âlders dy't ynteresse hawwe om har bern op de skoalle te pleatsen. Nei oanlieding dêrfan sil it plan fierder útwurke wurde.
De inisjatyfnimmers hoopje dat de skoalle op 1 febrewaris 2014 los kin.