Kadopakket foar earme bern

29 aug 2012 - 09:52

Fryske bern dy't yn in gesin sitte dat ôfhinklik is fan de Voedselbank krije tenei in kadopakket as se jierdei binne. It pakket mei jierdeikado's wurdt se oanbean troch de stifting Jarige Job. De stifing wurket al yn oare regio's en wurdt no ek yn Fryslân aktyf.

Om dat te fieren wurdt tongersdei yn Drachten yn in fersierd bushokje oan waarnimmend boargemaster Polderman symboalysk in jierdeispakket oanbean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)