Ferkearde wyngegevens brûkt

De skoarstienpiip fan de ôffaloven yn Harns © Omrop Fryslân
De provinsje hat ferkearde wyngegevens brûkt by it beäntwurdzjen fan in klacht oer de ôffaloven yn Harns. Dat seit waarman Frans Veenstra fan it waarstasjon Meteo Noord West yn Doanjum.
Hy reagearret dêrmei op de ôfhanneling fan in klacht oer stjonkoerlêst yn augustus. Kontroleurs seine doe dat dy net fan de ôffaloven komme koe om't de wyn út in oare hoeke kaam. Dy wyngegevens soene ôfkomstich wêze fan Veenstra. Dy sprekt dat tsjin. De wyn dy't Veenstra metten hat kaam út in folslein oare hoeke. Sa soene der mear gefallen wêze, seit Veenstra. De provinsje stelt yn in reaksje dat se ien kear gebrûk makke hawwe fan de gegevens fan Veenstra. By oare klachten wurdt gebrûk makke fan eigen mjitgegevens.