Thialf: renovaasje of nijbou

© Omrop Fryslân
De provinsje en de gemeente Hearrenfean meitsje tiisdei bekend wat harren foarkar is foar it nije Thialf. De kar is tusken renovaasje fan it Thialfstadion fan no of nijbou neist it Abe Lenstrastadion. De lêste opsje is mei 120 miljoen wol folle djoerder.
Ynstânsjes lykas it KNSB wolle al langer dúdlikens oer de plannen. Dy moat der gau komme, oars rint It Hearrenfean de kâns Thialf kwyt te reitsjen.