Portefúljes Hans ferdield

13 des 2011 - 15:04

De portefúljes fan it kolleezje fan de gemeente Harns binne ferdield. Dat is dien om't Harns sûnt 7 desimber in nije wethâlder hat. Peter Glasbeek ferfangt de earder opstapte Jan de Boer. Glasbeek krijt ûnder oare finânsjes, wurk en wolwêzen en ûnderwiis.

Boargemaster Scheffer krijt de koördinaasje fan de stedsfyzje, publykssaken en iepenbiere oarder en feiligens. Wethâlder Maria le Roy krijt it wetterfront, folkshúsfesting en de havens yn behear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)