Trucker heard nei ûngelok

© Omrop Fryslân
De plysje fan Grinslân heart in 27-jierrige frachtweinsjauffeur út Tytsjerk oer syn belutsenens by in ûngelok yn Aduard. Op de Friesestraatweg kaam tiisdeitemoarn in automobilist út Aduard om it libben doe't er mei de auto tsjin de frachtauto fan de man út Tytsjerk oan ried. Dat wie neidat de oanhinger achter de frachtauto troch ûnbekende oarsaak bryk op 'e dyk kaam.
It slachtoffer ferstoar op it plak fan it ûngelok. De plysje docht noch ûndersyk nei hoe't it ûngelok krekt bard is.