Krystmerk giet oer om stoarm

13 des 2011 - 13:09

De krystmerk dy't kommende freed hâlden wurde soe op 'e Lemmer giet net troch. De organisaasje fynt it net fertroud mei it minne waar dat ferwachte wurdt.

Der wie fan de kant fan de diskehâlders in soad belangstelling foar de merk. Der wiene allerhanne aktiviteiten omhinne organisearre. De organisearjende ûndernimmersferiening doar it net oan en útstelle is ek gjin opsje.

Trefwurden: 
krystmerk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)