Nij belied bernemishanneling
Der moat lanlik belied komme om bern dy't mishannele wurde te behanneljen. It ûndersyk troch it Verwey-Jonker Instituut hat oantoand dat de oanpak fan de gemeenten grutte ferskillen sjen lit. Lang net alle gemeenten melde it tal mishannelings. Dêrtroch sitte ûnder de 25 gemeenten mei de measte meldings allinnich gemeenten yn Fryslân en Súd-Hollân.
Der komme hieltyd mear meldings fan bernemishanneling. Yn 2003 wiene it noch 10.000 meldings, yn 2009 wie it tal omheechgien nei 28.000.