'Guozzegebieten moatte bliuwe'

29 aug 2012 - 07:45

De provinsjes beslute woansdei oer it al of net skrassen fan de saneamde foerazjeargebieten foar guozzen. Dat binne stikken lân dêr't de guozzen yn de winter en de betide maitiid op syk meie nei fretten. Dat giet faak om boerelân en boeren krije dêr fergoeding foar fan de provinsje. De provinsjes wolle dêr no fan ôf om't it harren tefolle jild kostet.

Ferskate lânbou- en natoerorganisaasjes wolle dat foarkomme en hawwe derom in alternatyf plan skreaun.

Want boeren hawwe eins gjin mooglikheid om de skea te beheinen, útsein jacht en dat soarget foar in soad maatskiplike ûnrêst. Dêrom moat neffens har besunige wurde troch de foerazjeargebieten oan te wizen op plakken dêr't ek echt guozzen sitte en troch gebrûk te meitsjen fan Europeeske finansiering.

Trefwurden: 
guozzen foerazjeargebieten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)