Fragen VVD oer waadfûns

De VVD Fryslân wol dúdlikheid fan de provinsje oer it yntsjinjen fan projekten foar it waadfûns. Dit nei oanlieding fan it feit dat it fûns oergien is fan it ryk nei de provinsje. De VVD hat hjir skriftlike fragen oer steld oan it kolleezje. By de VVD bestiet de yndruk dat it proses te traach ferrint. Fierders is neffens de liberalen de ôfspraak dat de helte fan de jilden út it waadfûns ynset wurde foar de ekonomy en dat soe noch lang net it gefal wêze.
De VVD wol ek graach witte hoe't it kolleezje der foar soarget dat net al it jild nei oerheden en natuerorganisaasjes giet.