'DE-banen op 'e Jouwer bliuwe'

28 aug 2012 - 15:52

De halvearring fan de winst by Douwe Egberts hat nei alle gedachten gjin gefolgen foar de festiging op 'e Jouwer. Dat seit FNV Bondgenoten. Neffens it fakbûn gean de ynvestearrings dêr gewoan troch.

It kofje- en teebedriuw makke moandei bekend dat de winst it ôfrûne jier mei mear as de helte weromrûn is. Dat kaam ûnder oare trochdat se no net mear by memmebedriuw Sara Lee hearre, mar selsstannich fierdergien binne.

Trefwurden: 
banen baan DE Douwe Egberts
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)