Banen fuort by Sionsberg

By sikehûs De Sionsberg yn Dokkum ferdwine 40 fan de 257 banen. Dat hat te krijen mei de reorganisaasje dêr't it baneferlies al earder yn oankundige wie. Ein dizze wike krije de meiwurkers in brief mei de meidieling oft se harren baan hâlde of kwytreitsje.
De ûndernimmingsried moat noch ynstimme mei de plannen. Earder al binne tydlike kontrakten net ferlingd en hawwe der ek minsken sels oar wurk socht.