Jongerekoarting op kultuer

28 aug 2012 - 14:05

Jongerein tusken 12 en 25 jier kin tenei goedkeaper nei kulturele ynstellings yn Ljouwert. Skouboarch De Harmonie, poppoadium Romein, Tryater, de biblioteek en it keramykmuseum yn Ljouwert komme mei de Culture Card. Wa't de koartingskaart foar 5 euro keapet, kin goedkeaper nei foarstellings, optredens of eksposysjes.

Mei de kaart wolle de ynstellings de jongerein mear belûke by keunst en kultuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)