Nije natuerwenwyk by De Pein

28 aug 2012 - 12:23

By De Pein binne plannen foar in nije wenwyk bûtenút dêr't de bewenners sels ek eigener fan binne. It nijbouplan De Nieuwe Marke kin rekkenje op 90 bunder grûn oan de râne fan it doarp. Boeren kinne dêr net goed mear mei út de fuotten, om't it te fersnippere is.

Om it lânskip safolle mooglik te hâlden sa't it is, komt de gemeente Smellingerlân no mei in natuerwykplan. De bewenners binne mei-inoar ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan it grien. Der bin al tweintich belangstellenden.

Trefwurden: 
natuer De Pein Nieuwe Marke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)