Kraanfûgelpiken Fochtelerfean

28 aug 2012 - 11:09

Yn it Fochtelerfean binne dit jier sân jonge kraanfûgels útbret. Fan dy sân binne fjouwer deagien en trije útflein. Dat is neffens de Fûgelbeskerming in poerbêst resultaat om't fan elk nêst ien jong grutbrocht is. Dat is gebrûklik by kraanfûgels.

It Fochtelerfean wie oant dit jier it iennichste plak dêr't kraanfûgels briede. Foar it earst binne de fûgels dit jier ek op it Dwingelderfjild yn Drinte sjoen. De kraanfûgels kaamen yn 2001 werom nei Nederlân nei't se mear as 250 jier ferlyn weiwaarden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)