VVV It Amelân 'gjin post mear'

28 aug 2012 - 10:58

It postagintskip by de VVV op It Amelân giet ticht. De reden is dat de VVV dan minder hoecht te besunigjen. De Amelanner gemeenteried hat besluten de eardere besunigings fan 65.000 euro op de VVV werom te draaien nei 45.000 euro. VVV-direkteur Cinto Prosperi hie sein dat der net mear as 35.000 euro besunige wurde koe. Mar no't de VVV it postagentskip kwyt kin, dat allinich mar jild kostet, kin it wol.

It postagintskip komt nei alle gedachten yn in supermerk.

Trefwurden: 
It Amelân VVV postagintskip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)