SC Cambuur hiert Tighadouini

Cambuur shirt © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Sportklup Cambuur hiert Adnane Tighadouini foar de rest fan it seizoen fan Vitesse. De 19-jierrige rjochtsbûten komt yn Arnhem net in soad oan spyljen ta en moat ûnderfining opdwaan yn Ljouwert. Hy moat de konkurrinsje oangean mei Oebele Schokker.
Tighadouini spile dizze simmer op de Olympyske Spelen foar Jong Marokko. It ôfrûne heal jier waard hy al ferhierd oan FC Volendam. Hy debutearre yn it seizoen 2010-2011 yn it betelle fuotbal by Vitesse en skoarde fuortendaliks. Cambuur hat de seleksje no rûn.