Marreprojekt as foarbyld

Fûle striid by de optimisten
In delegaasje fan de provinsje Limburch komt woansdei op besite by it Fryske Marrenprojekt. De Limburgse gasten wolle ideeën opdwaan foar de Maasplassen. Dat gebiet yn Midden-Limburch moat útgroeie ta in topwetterrekreaasjegebiet. De suderlingen hawwe de potinsje om in wettersportprovinsje te wurden. Se tinke dat se in soad leare kinne fan Fryslân.
It Fryske Marrenprojekt bestiet sûnt 2001. It hat soarge foar tal fan nije farrûtes en oanlisplakken.