Koart pleit om otter

27 aug 2012 - 14:30

Natuerorganisaasje Das & Boom spant in koart pleit oan tsjin it ministearje fan Lânbou om de otter. Se fine dat it ministearje mear dwaan moat foar it fuortbestean fan it bist.

Sa soene de natuerlike ferbiningssônes dy't ea betocht binne, mar omreden fan besunings net trochgean, dochs oanlein wurde moatte. Sa moat tefoaren kaam wurde dat de otter slachtoffer wurdt fan it ferkear. Der soe boppedat in twadde otterfolk útset wurde moatte tsjin yntylt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)