Motor te hurd, rydbewiis kwyt

27 aug 2012 - 11:20

By Ljouwert is snein in motorrider út Emmeloord syn rydbewiis kwytrekke fanwege fierste hurd riden. De man ried op de N31 dy't oergiet yn sneldyk A31 nei Harns, 138 kilometer yn 'e oere. Dêr mei nei hurder riden wurde as 70.

De 27-jierrige man krige in proses-ferbaal en hy mocht net mear fierder ride op syn motor.

Trefwurden: 
Ljouwert motor Werpsterhoeke
(advertinsje)