Fertochte mishanneling oppakt

27 aug 2012 - 10:22

De plysje yn Snits hat in 48-jierrige man oanhâlden dy't fertocht wurdt fan de swiere mishanneling fan ôfrûne freed fan in 79-jierrige Snitser. It slachtoffer helle om healwei alven op de fyts in kuierder mei in hûn yn. Dêrnei kaam de kuierder achter de fytser oan en sloech de Snitser fan de fyts ôf. Dy bruts de skonk. De fertochte naaide út, mar hy is oanhâlden.

De fertochte sit noch fêst. De plysje siket as tsjûge in âldere man op in scootmobyl dy't ek in hûn by him hie.

Trefwurden: 
Snits mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)