Betrouwen yn ekonomy

In mearderheid fan 'e Noardlike ûndernimmers hâldt betrouwen yn it ekonomyske klimaat. Fan de ûndernimmers tinkt 30 prosint dat it minder wurdt. Dat docht bliken út de konjunktuer-enkête Nederlân fan de Keamer fan Keaphannel Noard.
Sawat 15 prosint fan de ûndernimmers tinkt mear omset te draaien, wylst 28 prosint krekt tinkt minder te draaien. De bousektor bliuwt min. 60 Prosint fan de boubedriuwen yn Noard-Nederlân hat te krijen mei in fierdere daling fan de omset. De detailhannel bliuwt soarchlik fanwege de ferkeap op ynternet.