Tsjechië wint WK angeljen

26 aug 2012 - 18:00

Tsjechië is de grutte winner wurden fan it WK angeljen foar froulju dat dit wykein yn Ljouwert hâlden waard. Yn de yndividuele klasse waarden de plakken 1, 2 en 3 ynnaam troch de Tsjechyske froulju. Dat lân stiet op it earste plak yn de lannelist. Twadde yn dy list is Súd-Afrika en tredde Nederlân.

Ingeborg Audenaerd dy't ferline jier noch earste waard yn de yndividuele list, waard no fertsjinstlik fjirde.

Trefwurden: 
WK sportfiskjen angeljen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)