Frysk Herman Brood-festival

26 aug 2012 - 17:23

It legendaryske Prinsetúnkonsert fan Herman Brood waard snein nei 34 jier betocht mei in spesjaal tributefestival yn it Ljouwerter stedspark. Dêr kamen in pear tûzen besikers op ôf.

Spesjale gast wie Danny Lademacher, gitarist fan Brood syn begeliedingsband The Wild Romance. Hy spile mei de Ljouwert Broodcoverband The Prisoners. De band spile deselde nûmers as 34 jier ferlyn. Der treden noch mear bands op. Brood syn manager Koos van Dijk die de presintaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)