Nij festival op Skiermûntseach

Der binne fiergeande plannen foar in nij kultureel festival op Skiermûntseach. Doel is om de mear avontuerlike toerist oan te sprekken. Keunstners, muzikanten en performers wurde útnoege wurde om in foarstelling te bringen mei it tema sinneûndergong. De Badwei, dy't fan it sintrum fan it doarp nei it strân ta rint, hjit dan efkes Sunset Boulevard.
Kommende sneon is der al in foarpriuwke fan it nije jierlikse festival. Dan bringe komponist Sytze Pruiksma en dichter Tjêbbe Hettinga in muzikale oade oan de sinneûndergong.
Pruiksma en Hettinga trede by Peal 3 in healoere foar de ûndergong fan de sinne en in heal oere dêrnei op. It nije festival is in ynisjatyf fan de eilanner Stichting Noorderbeeld.