Fytsen fernield op It Fean

© Google Streetview
De plysje siket de eigeners fan fytsen dy't sneontenacht fernield binne op It Hearrenfean. Se stiene by in tankstasjon op de Alde Feanskieding. In tsjûge hie sjoen dat twa manlju en in jonge de fytsen fernielde en winkelkarkes op de dyk setten. Se belle de plysje en koene in goed sinjalemint trochjaan. Plysjes koene de trije fertochten fuortendaliks oanhâlde. It giet om twa manlju fan 20 en 26 en in jonge fan 16 fan It Hearrenfean.
De plysje hat de fernielde fytsen meinaam nei it buro. De eigeners kinne se dêr ophelje.