Winkeleigener slein yn Dokkum

© Google Streetview
Yn Dokkum binne sneontenacht twa jonges fan 16 en 18 oanhâlden foar geweld, bedriging en fernieling. De twa hearden by in groepke dat foar in winkel oan de Strobosserstege stie te drinken en te blowen. Troch har geraas soargen se foar nochal wat oerlêst. Ien fan de jonges skopte it rút fan de winkel stikken. De 38-jierrige eigener fan de winkel waard bedrige en slein. Dêrnei rûnen se fuort.
In tsjûge warskôge de plysje. Dy koe de twa fertochten oanhâlde en meinimme nei it buro. De plysje slút net út dat der mear oanhâldings folgje.