Twa ferwûnen by Appelskea

26 aug 2012 - 12:49

By in ûngelok op de provinsjale dyk by Appelskea binne sneontemiddei twa minsken ferwûne rekke. In 60-jierrige man út Ljouwert woe mei de auto de dyk oerstekke, mar seach in oare auto oer de holle. Dy waard bestjoerd troch in 70-jierrige man út Dútslân. Dy koe de Ljouwerter net mear ûntwike.

De Dútser en in ynsittende fan de Ljouwerter auto rekken ferwûne. Se binne mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht.

Trefwurden: 
ûngelok ferwûne Appelskea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)