Wetter yn winkel Starum

© ANP XTRA
By de supermerk fan Van der Werf oan it Noord yn Starum hat sneontejûn flinke wetteroerlêst west. De winkel sit op it leechste punt fan Starum en troch in dikke bui rûn de kelder fan de winkel fol wetter. Yn sân hasten waard de brânwacht oproppen om de kelder leech te pompen. Yn de kelder stie in part fan de foarried fan de winkel, mar omdat der wolris faker wetteroerlêst is, by flinke reinbuien, stiet it measte spul út foarsoarch altyd wat heger. Yn de kelder sit ek in automatyske pomp, mar dy koe al it reinwetter net oan.
Dêrom moast de brânwacht helpe. De winkel sels hat gjin wetterskea oprûn en kin gewoan iepen. De supermerk fan Starum is yn de fakânsjetiid altyd iepen op snein. Der komme dan in soad boatsjeminsken.