Jong It Fean wint FC Twente

12 des 2011 - 21:44

Jong Hearrenfean/Emmen hat moandeitejûn Jong FC Twente it earste ferlies yn de beloftekompetysje tabrocht. Op Sportpark Skoatterwâld wûn de thúsploech fan trainer Jan de Jonge mei 1-0 troch in doelpunt fan Samir Fazli yn de 55e minút. Fertsjinne wie de winst amper. Jong FC Twente fuotballe better en makliker, mar keeper Kenny Steppe groeide út ta man fan de wedstriid. Jong Hearrenfean klom troch de winst nei it sechsde plak mei 21 punten út 13 wedstriden. Jong FC Twente bliuwt koprinner mei 30 út 13, fiif punten mear as de nûner twa Jong Heracles.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)